Skea troch boarring wetterskip

© Omrop Fryslân
Bedriuwen op it Dokkumer bedriuwe- terrein Hogedijken kleie oer de grûndelgong troch útwreiding fan de grutte wettersuvering op it terrein. Foar dy útwreiding binne yn opdracht fan Wetterskip Fryslân twa 7 meter djippe putten slein.
By it fuortpompen fan it wetter is de grûn 6 oant 7 sintimeter sakke. Dêr is skea troch oan de bestrjitting, buizen en de súdeastlike rûnwei ûntstien. Fjouwer bedriuwen hawwe har al melden.