Betizing oer breedbânynternet

13 nov 2003 - 00:00

Betizing oer de oanlis fan fluch ynternet yn de gemeente Littenseradiel. Fannewike makke PvdA-riedslid Jan Waterlander bekend dat it ministearje fan Ekonomyske Saken as proef breedbânynternet oanlizze wol yn de gemeente.

Boargemaster Liemburg seit lykwols dat dat ferhaal net kloppet. Sy wol earst wachtsje op de ynternetplannen fan SNN, it gearwurkingsferbân fan Noard- Nederlân. Waterlander is teloarsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)