Moarnsbrochje foar swalkers

13 nov 2003 - 00:00

Sa'n 30 swalkers krigen tongersdeitemoarn in moarnsbrochje oanbean troch de gemeente Ljouwert. Dat yn it ramt fan it 'Festival van de Straat'. De wike is mei organisearre troch opfangsintrum De Terp en moat respekt foar de dakleazen oproppe.

De byienkomst wie ek bedoeld om mei de polityk te praten oer in brûkersrûmte foar ferslaafden. Tongersdeitejûn is der noch in grut feest foar de swalkers yn De Harmonie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)