Ynfalide bestellen fan syn wein

13 nov 2003 - 00:00

Yn Oentsjerk is tiisdei de ynfalidewein fan de 72-jierrige Van der Sloep stellen. De man hie ûnderweis maleur krigen en parkearde de wein oan de Heemstrasingel. Hy warskôge in monteur, mar doe't er weromkaam op it plak dêr't er de auto delset hie, wie dy fuort.

Foar it echtpear Van der Sloep is it gemis fan har ynfalidekarke in ramp. Sy binne der beide ôfhinklik fan. Sy moatte noch útsykje hoe't it mei de fersekering sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)