Jan Mulder haadtrainer by Joure

© Omrop Fryslân
Jan Mulder fan Drachten wurdt it kommende seizoen haadtrainer by sneinshaadklasser De Jouwer. Mulder is op dit stuit noch trainer fan earste klasser FC Wolvegea.
By De Jouwer sil hy gearwurkje mei Bert Hollander, de trainer dy't no ek foar de earste seleksje stiet. Nei it folgjende seizoen hâldt Hollander op. Fierder is Guido Pen by De Jouwer beneamd ta haad oplieding en is Harold de Vries oanlutsen as nije spiler.