Havo/vwo-plus klasse yn Drachten

© Omrop Fryslân
Skoallemienskip Liudger yn Drachten begjint takom skoaljier mei in saneamde havo/vwo-plus klasse. Dat betsjut dat de learlingen alle wiken twa lesoeren ekstra krije, dêr't in bepaald projekt yn behannele wurdt. De oare fakken moatte dan hurder behannele wurde, om't se oars yn de knipe komme. It giet om in klasse yn it earsteskoaljier.
Bern moatte oan hiel wat betingsten foldwaan om in plakje te krijen yn de klasse bygelyks in perfekte Cito-toets.