Gemeente net fergees op it net

13 nov 2003 - 00:00

In protte ynwenners fan Littenseradiel binne teloarsteld no't se net fergees op it flugge ynternet komme. Dizze wike makke riedslid Waterlander by fersin bekend dat Littenseradiel proefgemeente wurde soe foar fergees ynternet. Dat ferhaal kloppet net.

De resepsje fan it gemeentehûs yn Wommels hat woansdei de hiele dei yn 't spier west by de telefoan. In soad ynwenners woene witte wannear't se fergees ynternette koene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)