Schotanus oan kop by damjen

© Omrop Fryslân
Anton Schotanus wûn woansdei yn de foarlêste wedstriid fan it Frysk kampioenskip damjen syn partij fan Edwin van Hofwegen. Sadwaande kaam Schotanus, dy't al sân kear earder kampioen wie, allinnich oan de lieding. De dammer fan De Like hat no 15 punten út 10 partijen.
Gabriël Heerema fan Drachten spile remise tsjin Sietse Nagel. Heerema is no twadde mei 14 punten. Edwin Heslinga út Ljouwert stiet mei 13 punten tredde.