'Kokkelfiskerij Griend ferbiede'

© Omrop Fryslân
De mechanyske kokkelfiskerij om it fûgeleilân Griend yn de Waadsee moat ferbean wurde. Dat sei de feriening foar Natuermonuminten woansdeitemiddei by de oerlanging fan in rapport oan de Rie foar it Waad.
De kokkelfiskerij soe mooglik de oarsaak wêze fan de delgong fan de fûgelstân op it eilân. Ek wol Natuermonuminten dat in gebiet fan 35 kante meter om Griend hinne ûnder har behear komt.