Al 300 hurdrinners foar Slachte

12 nov 2003 - 00:00

It duorret noch njoggen moanne, mar no al hawwe sa'n 300 hurdrinners har opjûn foar de twadde slachtemaraton. De hurdrinners drave de rûte op 12 juny takom jier foar de kuierders út. Om se foar te wêzen, starte se moarns om healwei sânen.

Atletykferiening Horror fan Snits, dy't de tocht organisearret, hâldt rekken mei 1000 dielnimmers. De feriening tinkt dat de belangstelling te tankjen is oan it súkses fan de earste edysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)