Opnij oanhâldingen yn azc-saak

12 nov 2003 - 00:00

De plysje hat opnij fjouwer jonges oanhâlden yn ferbân mei de azc-saak yn Dokkum. It giet om jonges fan 13, 14 en 15 jier út de gemeente Dantumadiel. Se wurde derfan fertocht dat se belutsen wiene by plannen om brân te stiftsjen yn it asylsikerssintrum yn Dokkum.

Trije fan har waarden twa wiken lyn ek al oanhâlden. Doe soene se stiennen nei asylsikers smiten ha. Ofrûne moandei binne fiif oare jongeren oanhâlden. Twa dêrfan binne woansdei wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)