Baneferlies driget yn Harns

© Omrop Fryslân
Yn Harns gean tsientallen banen ferlern as de fangstbeheinende maatregels op de fisksoarten skol en tong troch geane. Neffens direkteur Lauwerse fan de fiskôfslach Insula yn Harns is de fiskerij-sektor yn Harns foar in grut part ôfhinklik fan dy fisksoarten.
Wittenskippers hawwe lykwols advisearre om de fangst op skol en tong flink te beheinen. As dat advys troch Europa oernaam wurdt, soe dat grutte gefolgen foar de Harnzer sektor hawwe.