Fûns neamd nei pater Doesburg

12 nov 2003 - 00:00

Pater Doesburg fan Burgum wurdt eare mei in fûns. Dit fûns is ynsteld by it fyftich-jierrich bestean fan de Sint Martinusparochy dy't Burgum en in part fan Noardeast-Fryslân bestrykt.

De pater wie de grûnlizzer fan de katolike enklave dêr. Yn syn geast wurde bysûndere projekten foar de mienskip, bygelyks foar jongerein, betelle. Der is ek in boek oer in heale ieu parochy útkommen. Dat is skreaun troch âld-sjoernaliste Hester Dykstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)