Baktearje út MCL-súd

12 nov 2003 - 00:00

De staffilokok-baktearje is út MCL-súd yn Ljouwert. De baktearje pleage it sikehûs sa slim dat besmette pasjinten op in sletten ôfdieling leinen. Personiel dat besmet rekke, siet soms wol tiden thús.

It sikehûs is al trije wiken frij fan de baktearje. Om problemen tenei foar te kommen is in draaiboek makke foar it gefal dat der wer in besmetting is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)