1600 banen fuort by Coberco

© Omrop Fryslân
By suvelkonsern Friesland Coberco binne 1600 banen ferlern gien as gefolch fan reorganisaasjes. Dat hat it Agrarisch Dagblad besifere. It suvelkonsern wol sels net sizze wat alle reorganisaasjes koste hawwe.
Seis jier lyn waard by de start fan de reorganisaasjes noch útgien fan in ferlies fan 500 oant 700 banen. Dat tal is dus ferdûbele, mar sûnder dat der twongen ûntslaggen foelen. By Friesland Coberco wurkje 17.000 minsken.