Satire mei fan Fryske Oranjefans

© Omrop Fryslân
Satire oer it keninklik hûs mei wol salang't it mar netsjes bliuwt. Dat fine Oranjeferienings yn Fryslân. De ferienings kinne har wol fine yn de warskôging fan premier Balkenende dat guon satires te fier geane. Sy tinke lykwols dat hy dy gedachte better foar himsels hâlde kind hie, omdat it oalje op it fjoer is.
Mei de suggestje fan minister Donner, om op te treden tsjin programma's dy't it te bûnt meitsje, is net ien it iens.