Skeel om toeristebelesting

11 nov 2003 - 00:00

Rekreaasje-ûndernimmers yn 'e gemeente Wûnseradiel binne lilk op de gemeente. De gemeenteried besleat moandei om de toeristebelesting fan 50 nei 55 sinten te ferheegjen. Earder wie tasein dat der gjin ferheging komme soe.

Mar de ûndernimmers hawwe ûnderwilens al advertinsjes pleatst en folders makke mei dêryn de prizen sûnder dy ferheging. Dêrtroch moatte se de mearkosten fan de toeristebelesting no foar in part sels betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)