Thomas en Postma nei Erfurt

© Omrop Fryslân
Reedriders Annamarie Thomas en Ids Postma dogge takom snein mei oan it langebaanriden foar de wrâldbeker yn it Dútske Erfurt. Beiden komme út op de 1500 meter.
De kommisje topsport fan de KNSB hat moandei de riders dy't oanwiisd binne foar it langebaanriden, bekendmakke. Miel Rozendaal, dy't ôfrûne snein op Thialf it maratonriden wûn, makket yn Erfurt syn debút op de 10 kilometer.