Folleybalfroulju Snits ferlieze

© Omrop Fryslân
De folleybalfroulju fan Snits hawwe sneintejûn de earedivyzjewedstriid tsjin Longa '59 ferlern. Yn Snits waard it 3-0 foar de ploech út Lichtenvoorde. De setstannen wiene 22-25, 20-25 en 15-25.
Troch dit ferlies stean de Snitser froulju no achtste mei fiif punten út fiif wedstriden. Tsjinstanner Longa'59 stiet tredde mei njoggen út fjouwer. Koprinner is AMVJ út Amsterdam mei fjirtjin punten út fiif wedstriden.