Filmfestival brekt alle rekords

© Omrop Fryslân
It Noardlik Filmfestival fan ôfrûne wike yn Ljouwert hat alle rekords brutsen. Op de 25e edysje kamen mear as 20.000 filmfans ôf. Ferline jier wiene dat der noch 3000 minder. Ien fan 'e redenen dêrfoar is dat it festival dit jier in dei langer duorre.
De Europeeske ynterregiopriis Matad'or is wûn troch de Bulgaarske film 'Letter to America'. De publykspriis gie nei de film 'Wilbur wants to kill himself' fan Lone Scherfig.