Fryske bibeltaal noch aktueel

© Omrop Fryslân
De Fryske bibeloersetting fan 25 jier lyn is noch sa aktueel dat er sels brûkt wurdt as foarbyld foar de nije Nederlânske oersetting. Yn de Fryske oersetting út 1978 wurdt gebrûkstaal brûkt en dat komt net 'ferâldere' oer. De Fryske bibel kin dêrom noch wol wat jierren mei. De nije Nederlânske oersetting komt takom jier út.
It ôfrûne wykein waard der yn Ljouwert stilstien by it jubileum fan de Fryske oersetting.