Nochris sân ton foar Bullepolder

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert wolle nochris hast 700.000 euro yn de bouplannen foar de Bullepolder stekke. It jild dat Ljouwert foar de ûntwikkeling fan de hûzebou útlutsen hie, is op fanwege kosten dy't net foarsjoen wiene. It giet dan benammen om juridyske prosedueres.
Lykas bekend binne de ynwenners fan Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren tsjin de bebouwing fan de Bullepolder. Se ha al in pear kear nei de rjochter west.