Jild foar handikapteferfier

09 nov 2003 - 00:00

It ferfiersprojekt foar âlderen en handikapten yn Opsterlân krijt 20.000 euro subsydzje fan de gemeente. It projekt is in inisjatyf fan it Reade Krús, de Stifting Zonnebloem en it âlderenbûn ANBO. It ferfier is bedoeld foar handikapten fan alle leeftiden en âlderen fan boppe de 60 dy't net mei it gewoane iepenbier ferfier kinne.

B. en W. wolle der jild ynstekke, om't it projekt foarkomme kin dat guon minsken yn in isolemint reitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)