Harkema ferliest fan nr. lêst

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys binne folslein út foarm. Undanks de winst op Cambuur, earder dizze wike, spile de ploech sneon sûnder oertsjoeging en selsbetrouwen tsjin Oranje Nassau út Grins. It levere Oranje Nassau de earste winst op fan dizze kompetysje: 0-2. Beide goals wiene fan Lieuwe Boonstra.
De Boys krigen in pear kânskes mar ek dy waarden neffens ús waarnimmer fakkundich om sjippe holpen.