Sumar begjint service-sintrum

© Omrop Fryslân
Yn Sumar waard sneon op inisjatyf fan doarpsbelang in konvenant sletten om de foarsjennings yn it doarp op peil te hâlden. Belangrykste ûnderdiel fan it konvenant is in service-sintrum foar âlderen, by foarkar mei in lytse biblioteek. Der binne ek ideeën foar in ynternetkafé, in boadskippetsjinst en kuier- en fytsroutes.
It servicesintrum kostet 75.000 euro. De gemeente tinkt dat Sumar mooglik in foarbyld wêze kin foar oare doarpen.