Haarala yn basis Hearrenfean

08 nov 2003 - 00:00

De Finske oanfaller Hannu Haarala spilet sneontejûn tsjin Zwolle foar it earst yn 'e basisalve fan sportklub Hearrenfean. Haarala krijt in kâns tanksij syn sterke optreden yn it belofteteam. De Fin begjint op rjochts en ferfangt Hakansson, dy't ferline wike yn Utert ûngelokkich spile.

Fierder steane Sibon en Radomski wer yn 'e basis. Sibon is wer hersteld fan in blessuere oan syn tean. Op dit stuit is allinnich Correia noch blessearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)