Iepen hûs by jongerenhûs Huzum

08 nov 2003 - 00:00

It iepen hûs by de opfang foar swalkjende jongeren yn Ljouwert luts sneontemoarn in soad belangstelling. It jongerenhûs oan de Huzumerleane is sûnt in wike bewenne troch fiif jongeren. Op termyn is der plak foar 20 jongeren sûnder fêst wen- of ferbliuwplak tusken de 15 en 25 jier.

It nijs oer de opfang soarge yn earste ynstânsje foar ûnrêst yn 'e bewenners. Op de iepen dei mocht elts dy't dat woe komme te sjen en fragen stelle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)