Breekijzer wol legaal wurde

08 nov 2003 - 00:00

De yllegale stjoerder Radio Breekijzer wol legaal wurde. De piraat is al ferskate kearen út de loft helle en inisjatyfnimmer Jan Jellema fan Ljouwert hat fannewike sels in pear nachten fêstsitten.

Dat giet him te mâl en dêrom besiket Jellema it foar inoar te krijen dat er aanst legaal útstjoere kin. Freed waard yn Hilaard in benefytjûn hâlden. Op de jûn waarden ûnder oare hantekens ynsammele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)