Krol: 'Gjin twongen ûntslaggen'

08 nov 2003 - 00:00

Under de stedswachten yn Ljouwert sille gjin twongen ûntslaggen falle. Dat seit wethâlder Gerrit Krol fan de gemeente Ljouwert. As de stifting Stedswachten net akkoart giet mei it útstel fan de gemeente, dan nimt de gemeente séls de stedswachten yn tsjinst.

Tusken de gemeente en de stifting Stedswachten is skeel ûntstien. De stedswachten wolle 1,4 miljoen euro yn it jier fan de gemeente ha, mar dy kin net mear as 400.000 euro garandearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)