Ryptsjerker hat drege tiid

08 nov 2003 - 00:00

De fertochte fan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun makket drege tiden troch in de finzenis. Syn sûnens is min en boppedat meitsje de oare finzenen him it libben soer. Dat sizze syn advokaten Anker dy't dizze wike de ûntfieringssaak oernommen ha.

De 63-jierrige man út Ryptsjerk wurdt derfan fertocht de 11-jierrige Lusanne út Aldeberkeap ûntfierd te hawwen. Dat barde op moandei 25 augustus doe't se op har fyts nei skoalle gong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)