Lêste konsert Twarres yn Wergea

© Omrop Fryslân
Twarres hâldt 21 desimber in lêste konsert yn har wenplak Wergea. Mirjam Timmer en Johan van der Veen makken yn septimber bekend dat se út elkoar geane. It konsert is yn it âld suvelfabryk. Der is plak foar 500 fans.
Mirjam is al dwaande mei in nij album dat takom jier útkomt. Johan wol yn it teater en musicals spylje, mar hy hat noch gjin konkrete projekten. De foarferkeap fan it konsert begjint 20 novimber.