Noch net wenje yn rekreaasjewent

© Omrop Fryslân
De gemeente Wûnseradiel sil ynkoarten wer optrede tsjin eigners dy't permanint yn har fakânsjehûs wenje. Benammen op it rekreaasjekompleks de Holle Poarte by Makkum soene inkelde tsientallen eigners yn harren húskes wenje.
Dat minister Dekker fan VROM it permanint bewenjen fan sokke wenten tastean wol, makket net folle út. Gemeenten dy't dat wolle moatte sels harren belied oanpasse.