'NDC net benaud foar NMA'

© Omrop Fryslân
De NDC docht earlik saken en hoecht net benaud te wêzen foar de NMA. Dat seit alteast Jan de Roos, direkteur fan de memmemaatskippij fan de Ljouwerter Krante. Woansdei binne der ynfallen dien yn Grins, De Lieke en Ljouwert. It liket derop dat benammen sjoen wurdt nei hûs-oan-hûsblêden dy't yn de omkriten fan De Lieke útbrocht wurde. De NMA docht allinnch sokke ynfallen as der fertinking bestiet fan misbrûk fan in monopoaljeposysje.