Acht jier sel foar Frjentsjerter

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige Frjentsjerter is troch it gerjochtshôf yn Ljouwert feroardield ta acht jier sel en tbs mei twangferpleging. Hy kriget de straf foar in stekpartij yn july 2002 yn bar Alouette yn syn wenplak.
De man hat doe fjouwer minsken delstutsen. In 34-jierrige frou út Frjentsjer ferstoar oan har ferwûnings, twa manlju rekken swier ferwûne en ien licht ferwûne. De straf is likeheech as it fonnis fan de rjochtbank yn maaie.