Gjin nij azc yn Kollum

06 nov 2003 - 00:00

It coa hat oan de gemeente Kollumerlân wite litten dat der gjin nij azc komt yn Kollum. Dat hat te krijen mei it legere tal flechtelingen dat nei Nederlân ta komt. De lêste fjouwer jier hat der in soad diskusje west oer de komst fan in nij azc yn Kollum.

Dy diskusje ûntstie doe't Marianne Vaatstra by Feankleaster om it libben brocht waard en guon minsken de skuldige sochten yn it azc De Poelpleats yn Kollum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)