Feiligenssertifikaat foar Snits

06 nov 2003 - 00:00

De gemeente Snits krijt as earste gemeente yn Fryslân in feiligens-sertifikaat foar bouwurksumheden. Offisjeel hjit soks in VCA-sertifikaat. VCA betsjut 'Veiligheid, Checklist en Aannemers'.

Foar de wurknimmers fan de gemeente betsjut it nochal wat. De meiwurkers en de oannimmers dy't opdrachten fan de gemeente útfiere, wurde permanint kontrolearre. Der wurdt dan sjoen oft it wurk wol feilich is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)