Kij ôfmakke fanwege BSE

06 nov 2003 - 00:00

Op in melkfeebedriuw yn Lemsterlân binne woandei 42 kij ôfmakke. Dat barde omdat by in ko dy't op it bedriuw hikke en tein wie, BSE konstatearre wie. De ko wie no op in bedriuw yn Twente.

Neffens it nije BSE-belied wurde yn sa'n gefal allinnich de risikobisten romme. It giet dan om kij dy't yn deselde tiid as de besmette ko op it bedriuw berne binne en itselde foer fretten ha. De ko wie berne yn augustus 1996.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)