Himpplantaazje yn De Falom

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in himpplantaazje oprôle yn in skuorre oan de Rinewâl yn De Falom. Der waarden 215 planten oantroffen, dy't tegearre mei de technyske apparatuer yn beslach naam binne. De bewenner wie net oanwêzich en moat noch heard wurde.
Nei oanlieding fan ferskate tips hat de plysje woansdei tsien gebouwen yn Noardeast-Fryslân trochsocht. Yn in wenning yn Holwert binne ek fiif grutte himpplanten fûn.