Ynfal NMA by útjouwer LC

06 nov 2003 - 00:00

De Nederlânske Mededingingsautoriteit (NMA) hat woansdei in ynfal dien by kantoaren fan 'e Noordelijke Dagblad Combinatie (NDC) yn Grins, De Lieke en Ljouwert. De opspoaringsamtners kopieare kompjoeterbestannen en parten fan 'e administraasje. De útjouwer wurdt fertochte fan 'misbrûk fan 'e ekonomyske machtsposysje'.

Ferskate meiwurkers fan 'e útjouwer binne al heard troch NMA-meiwurkers. De NDC jout de Ljouwerter Krante út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)