'Thialf sa goed as rêden'

06 nov 2003 - 00:00

It fallissemint fan Thialf is sa goed as wis fan 'e baan. Bewâldfierder Rotshuizen is posityf oer it rêdingsplan fan it iisstadion, sa sei er tongersdei. De skuldeaskers moatte noch wol ynstimme mei it rêdingsplan fan ynterim-direkteur Nieweg. Op 17 novimber nimme se dêr in beslút oer.

De bedriuwen Essent en Aegon en de gemeente It Hearrenfean wolle 4,5 miljoen euro yn Thialf stekke. Dat om it iisstadion op 't Fean te rêden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)