'Fytsbrêge Ljouwert oerstallich'

06 nov 2003 - 00:00

De nije fyts- en kuierbrêge oer de Suderstedsgrêft yn Ljouwert is folslein ûnsinnich. Dat fine omwenners, dy't tongersdeitemoarn protest oantekenen. Twa fertsjintwurdigers út 'e Arendswyk oerlangen in hûnderttal hantekens oan boargemaster Margreeth de Boer. Dêrmei wolle se de arguminten tsjin de brêge nochris beklamjen.

De bewenners ferwachtsje oerlêst fan stappers. Se fine dat de Prins Hendrikbrêge in prima alternatyf is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)