Ungelok mei rôle skriktried

06 nov 2003 - 00:00

In jonge (10) út Aldeboarn is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngemak yn it doarp. Hy stie op in oanhinger achter in trekker, bestjoerd troch syn heit. Dêryn lei in rôle skriktried, dy't heakke achter in bermpealtsje.

De trie bruts en sloech werom yn it gesicht fan 'e jonge, dy't achteroer op 'e dyk klapte. De jonge rekke út 'e tiid en hie ferskate ferwûnings. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)