25ste Filmfestival útein set

© Omrop Fryslân
Foarsitter Winny Sorgdrager fan 'e Raad van Cultuur hat woansdei yn Ljouwert it 25ste Noordelijk Filmfestival iepene. It is in jubileumfestival mei in swart rantsje fanwege de mooglike besuniging fan 56.000 euro op it sintrum foar de film, dat it festival organisearret.
It festival iepene mei de film Grimm fan Alex van Warmerdam. De regisseur wie hjir tige oer te sprekken. Hy fynt in lytser festival as dat fan Ljouwert folle moaier as it massale Rotterdam.