Gjin stunt fan Aris

06 nov 2003 - 00:00

Aris is der woansdei net yn slagge te stunten yn it bekertoernoai. De Ljouwerters ferlearen thús yn it Kealledykje fan earedivisionist Weert mei 97-79. By de rest wie de achterstân oprûn ta 20 punten.

De Ljouwerters wisten it ferskil dêrnei noch werom te bringen nei 14 punten, mar koene de tsjinstanner net mear echt yn 'e problemen bringe. Topskutter oan de kant fan Aris wie Hans Logtenberg mei 20 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)