Te folle trúcks op Feansterdyk

© Omrop Fryslân
Omwenners binne benaud foar te folle frachtferkear oer de Feansterdyk yn Akkrum. De gemeente Boarnsterhim wol it eardere UTD-terrein herynrjochtsje mei in dyk dy't útkomt op 'e UTD-wei. Frachtferkear sil dan makliker oer de Feansterdyk ride.
De buertferiening wol dat der in ôfsluting komt foar frachtferkear. Dat stiet yn in brief oan 'e riedsfraksjes fan Boarnsterhim. Op 11 novimber nimt de gemeenteried in beslút oer de saak.