Wetterpoartedagen yn Snits

05 nov 2003 - 00:00

De feemerkhallen yn Snits binne yn besit naam troch 3000 kninen, kavia's, dowen, piken, fazanten en einen. It is nammentlik wer tiid foar de Wetterpoartedagen. Op dizze dagen kinne minsken út hiel Noard-Nederlân har plomfee en lytsfee ta keuring oanbiede.

Woansdei wiene de feemerkhallen noch sluten foar it grutte publyk om't der de hiele dei kard waard. Foar de eigners kin in goed resultaat wer in soad jild opsmite by it fokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)