Luchtgitaar spylje yn Kollum

05 nov 2003 - 00:00

By de Kollumer Kaasdagen sil takom jier in foarronde foar it NK luchtgitaar spyljen hâlden wurde. It is foar it earst dat der in offisjele Fryske foarronde foar dizze wedstriden komt.

De winner docht takom simmer yn Amsterdam mei oan it nasjonaal kampioenskip. De winner dêrfan mei yn augustus nei de wrâldkampioenskippen yn Finlân. Luchtgitaar spyljen hâldt yn dat der gitaarnûmers neispile wurde sûnder gitaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)