Hieltyd mear adsl yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It wurdt yn hieltyd mear plakken yn Fryslân mooglik om fia adsl te ynternetten. KPN ferwachtet dat oan 'e ein fan dit jier 70 persint fan de ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte snel ynternette kin fia adsl.
KPN is op it stuit mei ferskate telekommunikaasjebedriuwen yn petear oer de oanlis fan in gloednij glêstriednetwurk, wêrtroch konsuminten yn de takomst noch rapper op it ynternet surfe kinne.