Noch gjin bettere radioûntfangst

05 nov 2003 - 00:00

It kin noch wol moannen duorje foar't Omrop Fryslân better te ûntfangen is. De rjochtbank hat it koart pleit dat de omrop oanspand hat tsjin it Agentschap Telecom, trochferwiisd nei de bestjoersrjochter. It is te yngewikkeld om der op koarte termyn in útspraak oer te dwaan.

De koart-pleitrjochter seit wol dat de omrop in punt hat oangeande in mindere ûntfangst troch de frekwinsjewiksel en it dêrtroch ferliezen fan harkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)