Smilde nimt bedriuw oer

05 nov 2003 - 00:00

It fiedingsmiddelbedriuw Keninklike Smilde fan It Hearrenfean nimt de Van Welzen Bakkerijen út Bodegraven oer. Van Welzen makket in ferskaat oan koekjes, banketletters en staven dy't ûnder ferskate merken yn de winkels brocht wurde. By it bedriuw wurkje 35 minsken.

Mei de oername fan Van Welzen wol Smilde besykje noch aktiver op de konsumintemerk te wurden. By Smilde wurkje mei-elkoar 900 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)